Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jehannes op Patmos

Keunst
PDF Print E-mail
fan Adriaen van Wesel*

Image

Adriaen, do hast se byldzjend snien
út hout, de ingel en Jehannes,
beide beitele as ien
fan each en hert en like jong,
mar witsto net dat hy al âld
op Patmos wie, doe’t hy de gong
beskreau fan ’t lêste op ‘e wrâld?

Sis, Jehannes, wat dat hângebeart
betsjutte fan dyn liedend ingel.
Hat har hân dyn holle keard
nei ’t swurk om inkeld blau te sjen
of ljochte dêr in fisioen
fan ’t âlde dat foargoed ferlern
giet foar it nije, oan dy jûn?

Tekens kamen libben foar it ljocht:
in frou beklaaid mei sinnestrielen,
de moanne dy’t har eare brocht,
wol tolve stjerren yn in krâns;
it bern dat út har skurte kaam,
dêr rûn de draak fjoerspuiend lâns,
mar ’t waard troch God yn hannen naam.

Image

Sawat twatûzen jier dêrnei
waard hy, Jehannes, myn ikoan,
dy’t ik op hout yn kleuren lei;
hy wie al âld en joech dêr oan
de jonge troch syn fisioen:
de nije ierde yn de iere moarn
dy’t nea wer útrûn op ‘e jûn.

* Adriaen van Wesel wie yn de twadde helte
fan de fyftjinde ieu byldhouwer en houtsnijer
yn Utert.
It houten byldsje ‘Jehannes op Patmos’
wie ûnderdiel fan it Marije-alter
yn de Sint Jan te Den Bosch.
By de byldestoarm yn 1566 is it skansearre:
Jehannes mist de rjochterhân
en de ingel de linkerwjuk.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum