Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brêgen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se wiene jong en rjocht fan rêch
oan harren groei begûn,
de geast kaam oer as golle wyn,
it libbenswetter wâle út ‘e grûn.

Sa waarden wyn en wetter ien
fan sin om goed te dwaan,
allinnich mar de hichte yn,
in brêge tusken grûn en loft te slaan.

De stoarmwyn sloech it libben skean,
it wetter weakke grûn
dy’t woartels gjin hâldfêst mear bea,
sa hat de âlderdom de geast wer jûn.

De hege brêge wie doe wei,
bleau oer de einichheid:
ferbining mei syn deade lea,
sjoch hoe’t der wer in nije brêge leit.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum