In lyk man is in ryk man
en dêrom kin ik pinne
en soms ek noch wat winne
by de bank fan Nederlân,
fan Amsterdam nei Rotterdam,
hup Ajax en hup Feyenoord,
wa wurdt hjoed kampioen,
de bal is djoer en rûn,
sa prate Piter Petman.
Begjin wize: Wilhelmus
De ABN en AMRO
fan ’t Nederlânske bloed,
de massa as de molkko,
dat docht it altyd goed.
De topman fan it Griengiel,
de rike, griene man,
bewarder fan ek myn diel,
hy makke der wat fan.
Syn skyld koe ik fertrouwe,
hy wie myn Mammon Hear,
op Griengiel soe ik bouwe,
gjin europine mear.
Ik woe in fromme bliuwe,
in tsjinner fan de top,
dan soe hy rinte skriuwe,
foar him myn herteklop.
De topman lykwols smachte
nei noch mear huningswiet,
hy wist wa’t op him wachte
en harke nei syn liet.
De earn op brede wjukken
tsjin ’t swurk fan himelsblau,
dy winske him ‘good luck’ ta,
in held yn ’t folgjen trou.
Mar sjoch, dêr wie de fijân,
de Skot mei man en macht,
hy focht foar Mammon Nij Lân,
mar Rijkman stie op wacht.
Hy liet syn maat ûntsnappe,
‘La salle des pas perdus’,
de Skot koe dêrnei happe,
mar ’t fet wie fan de sjú.
Barclays ferlei de grinzen
mei ’t wapen fan it jild,
Griengiel waard dêrmei finzen
yn ’t Europeeske fjild.
De euro waard in traalje,
it Griengiel griis as klaai,
der kamen minder baaljes,
it personiel stie faai.
Oarloch, myn earme skiepkes,
sit jim mar net yn noed,
jim topman docht gjin sliepkes,
’t komt allegearre goed.
Ik, Rijkman Groenink, top man!,
ha foar Griengiel wat wûn,
ik makke der in soap fan
foar santjin kear miljoen.
Ein wize: Wilhelmus
Hjir is wer Piter Petman,
ik kin noch altyd pinne
en soms ek noch wat winne
by hoe hjit dy bank ek wer,
fan Amsterdam nei Rotterdam,
fuck Ajax en fuck Feyenoord,
gjinien wurdt kampioen,
myn ballen binne rûn,
it libben is in flop, man! |