juli 3, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Ferskrikkings hast foar eagen krigen:
hoe’t de fijân mei syn leger kaam,
soldaten, amtners en spionnen,
jim besit nei ’t eigen lân meinaam.
Dat rûge folk sil nea wer komme,
nea mear hearst syn taal, dyst net ferstiest,
soldaten, amtners en spionnen
giene op ’e flecht, sa’tsto earst giest.
Dus Sion, lit dyn eagen glide
oer Jeruzalem, in prachtich plak,
in tinte dy’t de tiid troch stean bliuwt,
foar it folk in feilich ûnderdak.
Foar ús is yn dat gea de Heare,
dêr’t rivieren streame, gjin galei
of steatlik skip fart nei de wâl ta,
want de tiid fan driging is foarby.
In rike bút wurdt dan ferparten,
sels de stumpers krije harren diel,
de Hear sprekt rjocht en is ús Kening,
elkenien sit fredich oan it miel.
* Foto ‘Jordaan’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024