mei 13, 2021
fan Jan Miense Molenaer*
Lit rinkelje de tamboeryn
en huf mei stokken op ’e tromme,
earen kinne ’t net ûntgean,
se jouwe ’t oan de skonken troch,
lit elkenien hjirhinne komme.
Dus minsken, set de stap deryn,
de slaggen jouwe oan de mjitte,
’t spul mei jimme net ûntgean,
want sjoch, jim ha it no wol troch
hoe’t wy it krûkje dûnsje litte.
Hy fret genôch, syn búk as krûk
sit fol, hy hat him noch nea skamme
foar syn kop, de kreaze klean
gean foar ’t normale libben troch…
hy is te lyts foar moaie fammen.
Dus minsken, sjoch jim eagen út,
hear nei de tamboeryn en tromme,
bliuw dêr net as stokken stean,
mar dûnsje mei, it kin no noch,
it krûkje mei jim net ûntkomme.
* Jan Miense Molenaer (1610-1668)
Skilderij ‘Jonge muzikanten en dûnsjende dwerch’
april 17, 2025
april 3, 2025