juli 2, 2020
fan Vincent van Gogh*
Heit, hjir leit it hillich Wurd,
dêr hasto jierrenlang út preke,
dogmatysk, want sa wie de noarm
dy’t foarskreau watsto sizze moast
oan ’t folk dat trochgie foar mar leken;
sûnder neier útlis gjin begryp
fan wat Jesaja as dyn gast
te sizzen hie oer ’t lijen
fan de tsjinstfeint fan de Hear…
Sjoch, dêr leit it boekje fan Zola:
‘De freugde fan it libben’, net de foarm,
mar út it hert wei kin men krije
wat de muoite wurdich is,
al is men tsjinstfeint fan de hear
dy’t neat mei oaren hat.
Heit, dêr stiet dyn stompke kears,
útdôve nei dyn lange preken,
sa is ’t libben no ienkear.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Stillibben mei Bibel’
november 14, 2024
november 7, 2024