Willem Tjerkstra’s thússide
admin

David sjocht werom

Bibelbylden
David sjocht werom PDF Print E-mail
fan ûnbekend

Image

Hjir stean ik op ‘e hichte,
sjoch hjoed skerp myn libben oer,
de bylden fleane, ha gjin doer,
lykas ik by de skiep al dichte.

As hoeder koe ik sjonge
by de snaren, gjin ferlyk
mei hjoed, want sûnder myn muzyk
is ’t libben net mei wille mongen.

Mei Goliat ha ‘k fochten,
wie al jong in grutte held,
mar juster ha ‘k de minsken teld
dy’t wy massaal om ’t libben brochten.

As muzikant ha ‘k spile
foar de kening yn mineur,
wat jouwe lieten yn majeur
as wy foar Filistinen fiele?

Ik stean yn har kontreien
op ‘e hichte, sa is ’t rûn;
hie Goliat it oer in hûn?
Dochs moast er oer de Iene swije.

Hy is myn helper wurden,
wiist my yn de lichte ’t paad,
syn wjukken soargje foar it skaad*,
ik sjong no wer mei nije wurden.

* Psalm 63,8   

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum