Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar op ‘e flecht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Arent de Gelder*

Wêr moast David flechtsjend hinne
sûnder brea en sûnder swurd?
Hy hie ’t ferlern, wat koed er winne
oars as mei syn útflechtwurd?

Wêr koe hy in taflecht fine
oars as yn it wijde Nob,
dêr’t breaën wiene foar de Iene,
dat waard Davids earste stop.

Achimêlek seach him kommen,
wie ferheard dat hy dêr stie
allinnich, as in jonge fromme,
freegjend om in goede rie.

David frege foar syn honger
brea, der leine fiif, sa sei
de pryster, mar net foar de sjonger
of de smiter… fiif… nim mei!

’t Wiene earder ek fiif stiennen,
dat doe frege David wat
er ek net hie om dochs te winnen:
sjoch, it swurd fan Goliat!

Image

* Arent de Gelder (1645-1727)
Skilderij ‘Achimêlek jout it swurd
fan Goliat oan David’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum