september 5, 2019
fan Ivan Shishkin*
De stilte rûzet tusken stammen
op Valaam, in eilân yn de mar,
ek eilân yn it lânskip fan de Rus,
gjin fjoer is hjir ûntflamme.
Allinnich fjoer fan ynspiraasje
as de keunstner nimt dit gea foar kar;
de ranke stammen komme op it doek,
út rûgens riist de graasje.
In kreakjen brekt troch alles hinne,
’t stille rûzjen rekket yn de war,
de bjirkestammen krije skok nei skok,
it skot komt nei it rinnen.
De keunstner moetet dêr de jager,
tusken harren is ferskil yn kar;
as stamke komt de jager ek op ’t doek,
Valaam wurdt traach, noch trager…
…oant it hiele lânskip stiet deastil
en ûnder ’t byld stiet keunstners namme.
* Ivan Shishkin (1832-1898)
Skilderij ‘Lânskip mei jager. Eilân Valaam’
november 14, 2024
november 7, 2024