augustus 22, 2019
fan Nikolay Yefimov*
Hoefolle bylden oft er opslein hat
fan jongs ôf oan oant hjoed de dei,
hy kin it net fertelle;
mei ’t ynwindich each sjocht hy dêrnei,
hy hat in pear nei boppen helle.
De hannen fielden oan it skerpste byld
en glieden oer it blanke blok,
it ark kaam yn beweging,
mes en beitel hiene ’t fleanend drok
en joegen ’t byldsje syn ferheging.
Twa binnenbylden rûnen trochinoar,
sadat it bist net stevich stie,
mar hy kin wol fertelle
dat it heger wol, it jout him rie
om eigen bylden by te stellen.
* Nikolay Yefimov (1838-1891)
Skilderij ‘Alde houtsnijer’
november 14, 2024
november 7, 2024