Ut it skûtsje-argyf 1977
Wat is in skûtsje sûnder seil?
It sylt allinnich foar de wyn
op ’t fokje mei de loete;
’t hat de gong der net mear yn
en ’t resultaat is ûnder peil.
Noch foar de start trof ’t needlot Grou,
in klap oer stjoerboard en ’t wie dien,
in stikken seil as boete;
dêrnei trof it lot noch ien,
in klap en Snits wie der ek ôf.
De Lemmer mei it lytse doek
joech oan de oaren klap nei klap
en waard as winner groete;
om’t it seil wie wat te krap,
kaam ’t twadde doek boppe de broek.
|