Ut it skûtsje-argyf 1977
Foar Lodewyk* wie ’t net te dwaan,
de wâl en wyn fan Earnewâld
besoargen him in stive rêch.
Wa woe de skipper ha al âld?
Dochs moast er ’t roer oan Eldert jaan.
Dy âldste soan lei achteroan,
syn oare** foer foar Earnewâld
op eigen wetter nei plak acht.
Wat moast er wurde, waarm of kâld?
’t Waard lij sa tusken soan en soan.
De Lemmer lei dy dei foaroan,
sa fier dat dy oan ’t winnen wie,
dat Sietse*** siet mei rjochte rêch
oant Grou de lêste slach noch die,
doe foel de skipper fan syn troan.
* Lodewijk Meeter
** Hidzer Meeter
*** Sietse Hobma |