Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Snein fan de libbenen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Snein hat heit syn namme klonken
as de fracht yn ’t Snitser tsjerkeskip,
dat foer wer oer de Fryske marren
nei syn domisily ’t Heidenskip
om dêr ’t ferline, djip fersonken,
stal te jaan yn stielen romp en seil.

Moandei soe it skûtsje farre
mei syn namme yn it boeiselhout,
de grutske skipper liet de eagen
glide fan de fleugel nei de bout
en grutsk ek rûn er yn de beage
om ús mem te sparjen, sa’t er sei.

Hjoed sjoch ik my dêr wer sitten
op ‘e lûken oan it beagetou
en hear it heit-en-mem as weagen
fan goetinken oan de man en frou…
har nammen sil ik klinke litte,
hjoed noch as it klapperjen fan ’t seil.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum