Ik sjoch net heger as de loft,
it blau mei wite streken
fan wolk en fan it fleanend folk,
wy binne mei elkoar de leken
op ’t flak fan wat sa al ûntploft
is fier foarby it blau yn ’t kolk-
jend oerbegjin.
It teleskopysk each sjocht fier
foarby it blau de stjerren
dy’t stjoerden ’t ljocht fan hoe lang wol
net lyn, miljarden jierren
foardat it libben op ‘e ier-
de kroep en fleach en rûn mei hol-
len fol fan sin.
Ik wriuw de eagen út sa moarns
betiid as yn it easten
de loft ferkundiget mei rea
dat foar de minske ’t earste
bestiet út ljocht, ultime kâns
te libjen yn it hjoed, begea-
rich nei ‘ik bin’.
|