maart 14, 2019
fan Paul Cézanne*
Dêr sitsto dan ,myn soan,
no droegen troch de earm
fan pakes brune stoel;
om’tst net woest dat ik dy draach,
sitst as in kroanprins op ’e troan.
Do stiest faak yn in skrift,
te flechtich foar op doek,
dan mar in skets mei potlead,
witst… ik tekene dy graach,
mar letter spile op de drift.
Dy dreau my fan dy ôf
en nei de fierte ta,
ik koe net sûnder kleuren,
mar it wie foar my de fraach:
brocht ik mysels dêrtroch yn ’t nau?
No draachsto my, myn soan,
promoasje fan myn keunst,
dêrmei gean ik de wrâld oer;
wylst ik thúsbliuw, âld en traach,
setsto my op ’e keningstroan.
* Paul Cézanne (1838-1906)
Skilderij ‘Soan fan de skilder’
Skilderij ‘Selsportret’
november 14, 2024
november 7, 2024