januari 21, 2019
De beammen fan Ysbrechtum
kamen noch net út ’e nacht
wei, likemin de skerpe toer,
dy’t drige ta te stekken…
’t wie dan mei de balfoarm oer.
Hy rûn troch ’t universum,
fan ’e moarn wat tichterby
mem ierde, noed steand foar har bern
mei ryp as wite tekken,
readich liet er him skerp sjen.
Mei al syn kontininten
wie er mem de bek útstapt;
hy stiek har groeiend nei de kop,
mar liet har net ferrekke,
rûn as bern wer mei har op.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024