Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Striid mei lege troan

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gerrit Bleker*

Hoe soe it oars, it waard wer striid
mei altyd fijân Filistyn,
mar diskear song it folk it nije liet:
de Iene helpt, dêr stiet syn stien**.

It gie fûleinich deromwei,
it wie de Filistyn dy’t wûn,
it folk seach tryst werom op dizze dei:
de stien hie gjin oerwinning jûn.

Mar as de stien gjin help mear biedt,
dan moat de arke it wol dwaan:
de Iene op ‘e troan, it nijste liet,
jou oan de prysters rap rom baan.

It gie fûleinich derwomwei,
de Filistyn hie dûbel moed,
de troan bleau leech, de Iene seach dernei
en swei: de stien siet ûnder ’t bloed.

De lege troan foel op ‘e grûn,
it wie de Filistyn dy’t griep
en naam him mei, tsjin wat it folk ferbûn
mei Him: de hoeder fan syn skiep.

Image

* Gerrit Bleker (sirka 1600-1656)
Skilderij ‘Slach by Eben- Haëzer’

** Eben-Haëzer

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum