Ut it skûtsje-argyf 1976
Gjin skipper hie ferline jier
syn sin as hearsker oer de wyn
dy’t wûn it fan de alve fjouwer kear.
Mar eartiids wie it gjin beswier
te silen mei in reef deryn,
mei minder túch behearsken skippers mear.
Dus waard der socht nei wat is wier
mei wittenskip fan ien op ien,
formule fjirtjin kear, dan wie it klear.
Foto Utjouwerij Van der Meulen, Snits
De trije fan ferline jier,
It Hearrenfean as nûmer ien
en Snits en Huzum wiene grut de bear.
Professor Gerritsma, dy klier,
soe hy – op rekkenjen in tsien –
no oer de wyn en fjirtjin skûtsjes gear?
Foto Marten Sandburg, PENN Communicatie
Ien wierheid bleau foar altyd wier:
de skipper hearske oer de wyn,
al wûn dy fan de alve fjouwer kear. |