It wie in stille sneintemoarn,
de Koaiwei lei der rêstich hinne,
doe kamen der twa auto’s oan,
it moast al bjuster nuver rinne.
It rûn ferkeard, se rieden troch,
hoewol’t de krusing oars ornearre,
de beide harsens remmen noch,
mar ’t senuwstelsel wie blokkearre.
Se draaiden harren deadedûns
dy iere moarn op ‘e rotonde,
de blauwe joech de bak de bûns,
mar beide boeten foar ien sonde.
It offer lykwols brocht de hûn,
in brutsen rêch foar ’t earme bistke,
de sturt lei stil, mar nuver sûn
beweegde noch de rutewisker.
|