’t Is nachtwurk wat se dogge,
de fanger mei syn net,
de brekker om deryn,
de nacht mei wiete hage,
want minsken dy’t besjogge
it tsjuster as te let,
beskôgje sy as blyn
foar wurk foar dau en dage.
Mar as de moarntiid daget,
dan liket it net gek
dat dau en sinneskyn
soks mei de netten dogge,
wat tagelyk fertraget
de brekker by it stek,
de trie is fierste fyn
om samar yn te loggen.
|