Ut it skûtsje-argyf 1975
De striid hat west, it seil siicht del,
it wetter brûst noch foar de kop,
it swit rint oer it skippersfel,
mar kin de flagge wol yn top?
De striid gie tusken heit en soan*,
twa brune skûtsjes yn de float,
se sylden op ‘e finish oan
as foarsten fan de middenmoat.
Soan Rienk beseach it as in test
om sjen te litten dat de wyn
net hurder waaide foar Súdwest,
hy sette eigen krêften yn.
Sadwaande rûn er justjes út,
it lytse koe it grutte oan,
it skeelde amper in minút,
de flagge wie hjoed foar de soan.
De float mei ’t brûs dik foar de kop
set fan de Fluezen nei Wâldsein,
de loft berint, de wyn stekt op,
de finish wurdt yn Snits earst lein**.
* Ulbe Zwaga, skipper fan Grou
en Rienk Zwaga, skipper fan de Súdwesthoeke
* Fanwege hurde wyn giene de wedstriden
yn Wâldsein en op De Lemmer net troch |