Ut it skûtsje-argyf 1975
De loft is ticht, der driget wat
as skûtsjes foar de keale mêst
yn sleep nei ’t startplak farre;
de mannen skôgje, sjogge dat
en skuorre reven rimpen fêst.
De swan sylt hjoed lykwols foar fol
en wjukket op De Jouwer oan,
de wiffe wite mei twa reven;
dy beide reitsje út har rol,
de klap is lûd, mar falsk fan toan.
En wylst de wite fart foar ’t lêst,
sylt Siete* Boalsert skean en plat,
op Grouster weagen kin soks barre,
want mei it seil heech oan de mêst,
leit yn de lichte skippers lot.
* Siete Meeter |