| Ut it skûtsje-argyf 1975 
 Nei 75 jier is ’t skip tenein,it rekket ûnder wetter lek
 en sylt as laden mei foar gek,
 dus pompe om net te fersûpen,
 mar dêrmei is net alles sein.
 It skûtsje SWH fûn in magnaat,in Hein dy’t wol in pilske mocht
 en fleskes by de fleet ferkocht
 of pompe by de taap en sûpe,
 mar alles is sa net bepraat.
 De SWH waard op it droege leinen fan syn ûnderwetterskip ûntdien,
 mar kriich ek wer in nijenien,
 dus net mear pompe of fersûpe,
 dochs is dêrmei net alles sein.
 De biermagnaat lansearre in raketmei Hein syn flagge boppe mar
 en stêd, mar doe wie ’t yn de war
 omdat it skip sjampanje sûpte
 en sa is ’t op in rychje set.
 
 |