Ut it skûtsje-argyf 1974
De Lemmer ûnder wolkeloften
mei in wynkrêft seis, in holle see
en folk dat kaam yn grutte kloften.
Twa skippers lieten ’t skûtsje lizze,
tolve reefden dûbel, wiene ree
want woene loft en see net misse.
De start mei skreppe, skuorre, roppe,
raze, ’t fleanend Hearrenfean op kop ,
sa bleauwen alle koppen boppe.
De Lemmer klom fan tsien nei trije,
klapte brûzjend yn de weagen op,
mar koe gjin priis of preemje krije.
Langwar skeat as in swan oer weagen
like wyt as ’t eigen fearrepak:
de preemje foar ferhearde eagen.
Mar Boalsert liet de fearren sakje,
stiek de mêst fier yn it wolkedak
en wjukke nei it tsiende plakje.
De Lemmer ûnder wolkeloften
seach de skûtsjes op ‘e holle see
en ’t weagjend folk yn grutte kloften.
|