april 9, 2018
Heimsinnich is de letter
as ’t begjin fan ’t alfabet;
de fraach ‘wa hat him set’
wurdt ien foar letter.
It kin dochs net sa wêze:
seisentweintich nei elkoar;
de iene nei de oar
is min te lêzen.
Men kin der net omhinne:
ien derfoar en klear, dus sa,
dêr moat it mar op ta,
dan net mear stinne.
Nee wier, it kin noch minder:
’t is de J fan Jan en ja,
sa woe dy it dus ha,
gjin beam mear blinder!
Wêr giet it sa dan hinne
letter mei in waarm klimaat?
De stobben wize ’t paad
om oars te kinnen.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024