fan Gustave Doré*
Tolve stammen stiene foar de stream,
foar elkenien mear as in drip,
it wetter brûsde der mar hinne,
fierde mei de lange dream,
te djip om dêr sa troch te kinnen.
Jozua wist fan it brede wiet,
de Reidsee, mei it djippe paad
foar hiel it folk om dêr oerhinne,
nei it wurd kaam wer de died:
Gods troan om derby lâns te rinnen.
Prysters stiene mei de arke yn
de midden fan de grinsrivier,
it wetter waard in hege muorre
lykas earder, jierren lyn,
salang’t de modderstappen duorren.
Tolve manlju droegen út ‘e stream
in stien, foar elke stamme ien,
in tinkbyld fan oer grinzen hinne,
sa kaam út de lange dream
fan eigen grûn om op te rinnen.
* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Trochtocht troch de Jordaan’
|