Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for december, 2016

admin

Striid tsjin hjoeddeiske duvels

Keunst

fan Peter Paul Rubens*

rubens-1

Reboelje yn de heechste himel
mei krityk op God syn troan,
fan ingels út op alle macht,
de Almacht seach it earst mar oan.

Mar doe’t de boel út lykwicht rekke,
’t Godsryk hie wat fan de hel,
sloech Hy op ’e reboelje acht,
kriich Michael it striidbefel.

Mei ’t reade kleed los om de skouders,
wjukke hy op ’t slachfjild ôf,
sloech ta mei ’t swurd út alle macht
en brocht de duvels yn it nau.

Lit Michael hjoed ek mar komme,
want de striid is lang net oer,
diktators hearskje dei en nacht
en bouwe troch oan Babels toer.

Flean del, do ingel, út ’e himel,
stjit de duvels fan de troan,
dy’t bern fermoardzje, want soks slacht
op helske opstân tsjin Gods Soan.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De aartsingel Michael
ferslacht de opstannige ingels’

 

admin

Man tsjin oaljefant

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Antiochus Epifanes stoarn,
dat Judas koe doe fierder fjochtsje,
foel de stins yn Sion oan;
soan Antiochus kriich de tiding…
soe de nije foarst oer Judas rjochtsje?

Hûnderttweintichtûzen teagen nei
Judéa ta en twaentritich
oaljefanten stampten mei;
foarst Antiochus hie de lieding,
seach dat bist en kriger eagen flitich.

Judas foel it machtich leger oan,
syn eigen focht as wiene ’t liuwen;
Antiochus op ’e troan
sa’t like, seach syn leger stridend
Judas’ krigers by de berch del driuwen.

Mar sjoch Eléazar Avaran,
hoe’t hy symboalysk wjukken krige,
fierde út syn deadlik plan:
derûnder om it bist te stekken,
sa hat hy de kening noch bedrige.

makkabeeer-6

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Eléazar offeret him op’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum