Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for december, 2016

admin

Himelske ruter

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Lysias, besibbe oan de kening,
kânselier en generaal,
wie fol fan grime op ’e Joaden,
spriek foar de striid yn kleare taal:
‘Jim stêd wurdt wenplak foar de Griken,
harkje sille jim nei har ferhaal
oer withoefolle goaden.’

Judas, Makkabeeër, moedich strider,
hearde oer dit misberjocht
en fan ’t ferskuorrend grutte leger,
dat by de Joaden ’t kamp opsocht;
it wie foar Judas, sa die bliken,
needsaak dat er oan in helper tocht,
hy socht it dêrom heger.

Helper waard in ingel op in hynder,
yn it wyt, fan goud de spear,
hy focht mei Judas, as Gods boade,
dat Lysias hie ’t doe net mear,
ek net oer ’t wenplak foar de Griken,
flechtsjend liet er op it fjild de ear,
de oarde foar de Joaden.

makkabeeer-7

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘In ingel helpt de Makkabeeërs’

 

admin

Fan sân kear read nei ien

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2004

Sân protesten yn it want,
it kleure op De Feanhoop read
fanwege de beheinde romte,
dus gie it mannich kear ferkeard
en waard de flagge oan de stieltrie spand.

drachten-en-huzum-2004

Nûmer fjirtjin sylde hurd,
woe troch de gatten nei de kop,
mar krige dêrfoar net de romte;
it waard foar Huzum ek in strop,
de wite kaam terjochte yn de sturt.

Fan sân flaggen yn it want
bleau foar de finish mar ien oer,
se joegen oan elkoar de romte;
foar Huzum wie de útslach soer,
mei fjirtjin punten doogde ’t fan gjin kant.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum