januari 17, 2025
fan ûnbekend*
Wa wurdt net bliid fan dit gebiet,
in poarte nei rivieren
dy’t brûzje troch ravinen,
útsliten troch de stream,
al iuwen klinkt dit liet.
It binne wûnders yn in wrâld
dy’t iepen stiet foar dieren
as yn it hôf fan Eden,
de minske kin hjir sjen
’t gehiel yn mannichfâld.
Gods finster wurdt de berch wol neamd
om dêr in feest te fieren
seis dagen nei de skepping
mei ’t folk dat bliid fan aard
it liet sjongt mei de stream.
* Foto ‘Blyderivierspoort yn Súd-Afrika’
december 27, 2024
december 21, 2024