Ut it skûtsje-argyf 2003
Kin Snits wol sûnder wetterpoarte?
Sa hurd as stien, sa sprekkend as symboal;
elk bern hat wol mei tuorren boarte,
seach himsels op hichte as idoal.
In skûtsjemêst is ek op hichte
en draacht it seil mei sa’n ferneamd symboal;
de skipper wit fan party plichten,
sparret yn de wedstriid geit noch koal.
In kampioen fertsjinnet eare
en wurdt yn hiel de wrâld in grut idoal,
wa kin de rom fan Snits dan keare
mei de skûtsjeskipper as symboal?
Dan is it mear as fanselssprekkend
dat Douwe* wurdt ta poarter fan it jier,
’t rekord mei inkeld wetter brekkend,
hannen oan it roer, sa ropt it fier.
* Douwe Visser |