februari 17, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2004
It wie stil en ek noch hjit,
gjin sylwaar mei in wollen mûtse,
mei in koele holle, sûnder swit,
liet Eldert* slim syn skûtsje rûtse.
Yn de buert fan ’t Hearrenfean,
dan foer hy foar de blauwe wimpel,
dy soe by de reade mûtse stean,
dus read-wyt-blau, sa bleau it simpel.
Op in protsje op it dek,
soks koe wol nei de finish lije,
út ’e skroeven, wa wie dan net gek
fan blidens, woe de drokte mije?
Kampioen, fan feest nei feest
en altyd mei deselde mûtse,
mar no sûnder dat it boatsje racet,
dochs is sa’n ear net wei te poetsen.
* Eldert Meeter fan Boalsert
april 4, 2018
april 2, 2018