Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tizeboel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1994

’t It wer de wyn dy’t it bedjert,
no net yn krêft, mar troch te draaien
nei it westen, dat de wedstriid stjert.

’t Wie Douwe* dy’t it moarns al sei:
‘Yn ’t Sigersdjip kin men net sile,
skras dat wetter út ‘e rûte wei.’

Mar ’t Sigersdjip is wol unyk,
foar Prinsehôf en tusken beammen
is ’t goed te sjen foar it publyk.

Image

It giet dus troch it Sigersdjip,
in tizeboel, yn ’t nau lavearje
mei de fjirtjin skûtsjes, skip nêst skip.

’t Is Douwe dy’t de dupe wurdt,
hy rekket streekrjocht yn de reiden,
fan de hiele rige yn de sturt.

Hy sit allinne, hat gjin lêst
fan skûtsjes, fêstrûn op ‘e rotsen,
ien foar ien foldocht him noch it bêst.

Image

* Douwe Visser

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum