Ut it skûtsje-argyf fan 1994
De sinne hat de wyn opfretten,
lit gjin kromke foar de skûtsjes oer,
de skippers hingje wurkleas by it roer,
’t gewear hat noch net sketten.
De seilen hingje slop as doeken
oan it rek, se reitsje sa net fol,
wol nut hat mei dit waar de parasol,
foar fjouwer goed te brûken.
De rest hat mear ferlet fan ’t wetter,
dat se weagje litte tsjin it skip
foar noch wat gong, mar ’t bliuwt in dip,
hoewol de ein is better.
Sjoch hoe’t de fjirtjin skûtsjes brûzje
sûnder wyn en weagen op ‘e mar,
in spettershow, der wie gjin kar,
de wyn sil moarn wer rûzje.
|