Ut it skûtsje-argyf 1970
Wie de teller fan de tel
of hie de sjitter net de mjitte?
Starum starte tsien te let,
de skippers holden al wat del,
wa soe it no noch witte?
Elk betocht syn eigen wet.
Loadewyk* syn wet wie wis
foar skippersfolk noch leek te snappen:
folle letter as it skot
oer stjoerboard starte, ’t like mis,
mar hy soe trettjin flappe
as de wet fan stadich-flot.
Telle foar it klassemint
gie folle better as it sjitten,
Loadewyk stie boppe-oan:
‘Wannear’t it fierder ek goed rint,
dan sil hiel Fryslân witte,
Huzum telt op hege toan.’
* Loadewyk Meeter |