Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sniewyt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1963

Doe’t Sint Piter oankaam yn ’t doarp Grou,
lei ’t skûtsje muorrefêst yn ’t iis:
it nije túch sa wyt as snie,
in boom dy’t by de mêst op gie,
de Fryske flagge foar de priis,
fiif wimpels yn marineblau.

Image

Dy’t as kampioen beferzen lei,
briek los as bolle nei de ko:
Doarp Grou bestoarme Pik en Ie,
mar foar ’t it by de finish wie,
rôp Meeters roer lûd kreakjend: ‘Ho!’
De G kaam los en gong syn wei.

Image

Iselmar, de rûge see fan wraak,
berûn de Fryslân, Meeters skip:
oer bakboard brûsde fûl Doarp Grou
opnij as bolle sûnder tou,
in klap op stjoerboard… ‘Wol ferhip,’
rôp Loadewyk, ‘dy wie ek raak!’

Image

Zwaga protestearre trije kear,
dat wie syn reade skippersrjocht,
mar ’t holp him neat, want wat wie wyt,
de snie fan ’t seil, joech gjin profyt.
Hoewol’t er ’t brune doek opsocht,
besylde hy de priis net mear.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum