Ut it skûtsje-argyf 1996
It wie smoarhjit, de rop om rein
klonk hjir en dêr yn ’t stedsje Starum,
mar guon skippers hiene amper lêst
op harren wetterwein.
Mar fjirtjin skippers seagen ’t swurk
fol Arabieren mei in harem,
mei dy froulju dûkten se it leafst
allinnich yn de durk.
’t Gie los, wol op it gleone dek,
mei yn de fok de lange loete,
fjouwer bomen holden ’t lyk ek fêst,
ien stie foar ’t sicht foar gek.
Mar wat is gek mei drippend swit
dat fierder streamt troch beide warings,
dan foldocht de maat syn flesse bêst
dy’t oer de tonge jit. |