Ut it skûtsje-argyf 1969
Al jierren wie it resultaat
fier ûnder Snitser mjitte
– lit de Pan mar sjitte –
oeral gûnze fan dat praat.
De fraach wie wat men deroan die,
fan skipper rap feroarje
brocht noch gjin fiktoarje,
dan fernije wie de rie.
Twa meter langer waard de mêst
om ’t nije seil te hysjen
bûten de tradysje
fan wat bliuwt dat is it bêst.
Dus gau de kloaten om it blok
om ’t wite doek te hifkjen,
sûnder noch te wifkjen:
’t seil moast heger yn de nok.
Mei faasje op it slachfjild ta
om nei skerp sylde slaggen
oan te slaan de flagge
foar de Pan as nûmer twa. |