Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eigen lisplak*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969

‘Gjin probleem,’ liet Grou de oaren witte,
‘Ulbe Zwaga wie ús kampioen,
mar syn transfer, wa kin dêr no mei sitte,
wy ha al in eigen skipper fûn.

Doarpsgenoat, dy moat it foar ús wêze,
Albert Wester hat it yn de macht
om reglemint en rûtekaart te lêzen,
hy is skipper fan it skerpe jacht.’

’t Wie net sein of ’t eaze fan protesten:
Grou ûntnaam oan ’t skûtsjesilen kleur,
want roef en waring pasten net by Wester,
reade flagge foar de amateur!

Grut probleem, Doarp Grou woe it net sitte
litte, hie him fêst oan Wester bûn:
‘Gjin transfer,’ lieten se de oaren witte,
‘wy ha al in eigen lisplak fûn.’

Image

* ‘Doarp Grou’ bleau yn 1969 út protest foar de wâl lizzen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum