Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Langwar misse?

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

It silen misse op Langwar?
Gjin sprake fan, de Wiellen lûke
ien foarút, de oar komt achteroan
en faakris is it yn de war,
Langwar kin wol sensaasje brûke.

Image

It starten misse op Langwar?
Wolnee, ’t is op ‘e streek al rekke:
foar de Lemsters wurdt de striid bedoarn,
se moatte bûge, ha gjin kar,
de Wiellen jouwe gjin opstekker.

It starten misse fan Doarp Grou?
Jawis, want twa kear jout de faasje:
fan plak fjirtjin troch it fjild foaroan;
de konkurrinten sjogge blau
fan eigen gong en argewaasje.

De finish misse fan Langwar,
it skûtsje op it eigen wetter?
Gjin opstekker silend achteroan,
it lei miskien wol oan de mar,
op Starum fart Langwar grif better.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum