Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klandestyn sile

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1984

Image

In nij seizoen mei ’t nije lûd
fan wêrom net wat ekstra striid,
dat hâldt de skippers wekker,
boppedat ha sy it wol oan tiid,
ferfeling is foar ’t fak net goed.

De Jousters kamen mei it plan,
wol útslept, dus ek by de tiid,
want hingje net oan tinzen
fan ’t moat altyd bliuwe sa’t it giet,
dêr wurdt men mar ferfelend fan.

De Puollen wiene wol geskikt,
dat like ’t skippersfolk wol wat,
perfekt dat puoltsjesilen!
Mar ’t gie net troch, ’t is skipperslot
dat SKS de striid beskikt.

Dus skippers, syl mar klandestyn:
in oar syn teken der mar yn.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum