Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Filmstjer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1984

Image

De Frânsen woene witte
wat hjir skûtsjesilen is,
in filmploech hat skean sitten
yn de waring, wif mar wis.

It waarden rjochte bylden,
gaadlik foar it Frânske folk,
dat seach hoe’t skippers sylden,
brûzend yn in wetterwolk.

Se wiene wis fan prizen
yn Rochelle en Israel,
sa earen se de Friezen,
oer de hiele wrâld yn tel.

De film soe hjir ek draaie,
rekke skean yn it systeem,
dat Friezen koene kleie:
‘Seksfilms lizze net in claime.’

Doe’t skûtsjes einlings sylden
op it doek, wie Jan* de stjer:
‘Parys hat no de bylden,
‘k wurd dêr socht troch allegear.’

Image

* Jan van Akker fan Snits

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum