Ut it skûtsje-argyf 1986
’t Wie middenyn de winter
mei in skrale eastewyn,
wêr’t simmers skûtsjes sylden,
lei it iis der al dik yn;
foar Earnewâld koe ’t minder.
Dêr streken al de riders
op it iis fan ’t Prinsehof,
dêr’t simmers skûtsjes sylden
en elkenien de oare trof;
foar Earnewâld de striders.
Fiiftûzen striders fochten
tsjin de stive eastewyn,
wêr’t simmers skûtsjes sylden,
holden sy de moed deryn;
foar Earnewâld de rjochten.
It iis koe ’t folk wol drage
oant de fiere einstreek ta,
it Earnewâldster skûtsje
mocht it ridersjild wol ha
mei ’t each op wer de flagge.
|