Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In memoriam Bearend Mink

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1976

Image

Bearend Mink, hy wie net mear,
de boerefeint dy’t skipper waard,
it melken lei net yn syn aard,
mei kowesturten wied er klear.

Skippersfeint, dat wie ’t begjin
mei iepen each en harkjend ear
en spieren as in brune bear,
hy sylde sterk mei fleurich sin.

Bearend Mink, hy woe wat mear
en wittend hoe’t de wyn wol waait,
keas hy as skip de Nijverheid,
nea wied er mei syn wrotten klear.

Image

Silen wie foar him behâld
fan eigenheid, der kaam in kear
doe’t hy de Nijverheid yn hear
en fear ferkocht oan Earnewâld.

Bearend Mink, hy woe noch mear
as skipper oan it wâld ferbûn,
hy waard doe twa kear kampioen
en dielde mei it doarp de ear.

Alde Mink, syn tiid hie west,
de jonge Mink, noch yn de rou,
is skipper wurden op Doarp Grou,
de namme bleau, Joop die de rest.

Image


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum