Ut it skûtsje-argyf 2003
Dêr leit er mei de fok noch del,
mar alle spieren binne spand
foar ’t skot, dat klinkt bekend mar skel,
it stjoert de skûtsjes fan de kant.
It heale moantsje skynt noch feal,
mar strielet yn de wedstriid fol,
as earste fuort is mear as heal,
gjin oar skip twingt him út syn rol.
De haadrol hat de ‘Druiprek-boat’,
in shovel driuwt de mikser oan,
in ynnovaasje yn de float
en foar ’t publyk in top-fertoan.
De mânske mikser wie foar dong,
mar wurdt ek brûkt foar drank en bier,
men is op ’t lêst mar ien kear jong,
de shovel is foar ’t spul yn ’t spier.
|