Ut it skûtsje-argyf 1990
Se hawwe noch gjin wedstriid wûn,
it team fan Rienk*, yn meditaasje
op it achterdek,
de liuw wie lui, hat net hurd rûn,
mar hjoed sjocht elk syn kont en mei de bek
jout hy de lea mear faasje.
Dat wol de hoop, de griene lea,
mar dêrmei fart er net allinne,
want sjedêr de Pan
op ’t earste plak, yn eigen gea
is Douwe**, grien as gers, foar Snits de man,
hy sil de wedstriid winne.
Wêr bliuwt De Lemmer, ek al grien,
gjin hoop mear op ‘e blauwe wimpel?
Wêr is ’t Hearrenfean,
krûpt brún fan fjirtjin op nei ien?
Mei wite wjukken fljocht de rappe earn
en wint de searje simpel.
* Rienk Zwaga
** Douwe Visser |