januari 17, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2011
De loft wie skier, mar ’t wie safier,
de skûtsjes krigen ’t griene ljocht
en pikten op ‘e mar de start;
It Hearrenfean wie wat te ier,
dus yllegaal, want rjocht is rjocht.
De twirren strieken oer de mar
en treauwen fjirtjin mêsten skean,
mar trettjin rêgen bleauwen rjocht;
De Lemmer hie gjin oare kar:
it skip is út ‘e striid wei fearn.
De weagen rôlen foar Doarp Grou,
dat fier op kop de Ie op foer
mei nei de skuor in lime mêst,
mar Snits rûn as in Grouster skou,
mei faasje nei Sint Piters toer.
De lûden weagen ’t wetter oer
fan skûtsjesilen is ús nocht
en rôlje om it âlde Grou.
De winner hie it tûkste roer,
dat rap it skip de streek oer brocht.
april 4, 2018
april 2, 2018