Ut it skûtsje-argyf 1994
It kaam op harren azem oan,
de mannen fan it wurd,
it leafst net wiet by ’t swurd,
sy joegen oan de skûtsjes toan.

Fan Snits stiek Dicky* der fier út,
syn tonge lei net stil,
mar Feanster Alex’s** wil
dreau elkenien nei in beslút.
Lit Albert*** stil syn gong mar gean,
de man fan út ‘e rie
fiert nei de krekte die,
de pet fan Dicky is syn lean.
Fersulvere is Dicky’s pet,
in ûnderskieding dy’t
fersiert de man mei flyt,
al is er Dick en Alex net.

* Dicky van der Werf fan de skûtsjekommisje Snits
** Alex Brinksma, âld-foarsitter fan de SKS
*** Albert Visser, de heit fan Douwe Visser fan it Grouster skûtsje |