Ut it skûtsje-argyf 1983
It woe net mear, it koe net mear,
de Pan siet yn de lytse loege
mei in útsyld seil, in brutsen mêst,
gjin faasje en gjin skippersear
mei ‘Snits sylt as in slûge’.
Mar sjoch, yn Dútslân wie nij doek
om ’t puntsje oan in seil te sûgen
mei as oardiel ‘dit koe minder, bêst
genôch’, want Snits kaam yn de broek
mei ek in mêst dy’t noege…
… nee, net om daliks kampioen
te wurden, want de Pan moast bûge
foar De Lemmer op De Lemmer, fêst
it plak dêr’t Jelle* hurder rûn,
mar Snits hiet nea wer slûge.
* Jelle Reijenga |