Ut it skûtsje-argyf 2004
Wa ken it Drachtster skûtsje net?
It hat al jierren ûnderfining,
gie eartiids troch foar nûmer twa,
tradysje wie foar Drachten wet,
mar hat men mei dit skip noch bining?
Foto Friesland Post
It leit net oan it wite seil,
ek dûbel D lit fan him sprekke,
gjin konkurrint wol dat sa ha;
’t moderne bringt foar Drachten ’t heil,
mar sil ’t wol ien de loef ôfstekke?
Til dan it skûtsje út ‘e feart
en ryd it nei it plein fan Drachten,
dan wurdt it grif wer nûmer twa,
sadat elkien oer ’t skûtsje beart,
it hat te lang op achting wachte.
|