Ut it skûtsje-argyf 2000
De lêste slach koe sprekken lije,
net de earste, want dy wie wol goed,
gjin flagge noch, sa read as bloed,
want dy soe Boalsert letter krije.
Dat skûtsje lei nei ien rak earste,
mar op Starums wetter sei dat neat,
ien seeklap en it gie ferkeard,
De Jouwer profitearre ’t measte.
Dochs seach de Jouster skipper tsjuster
lykas hied er hjoed in foargefoel
dat protestearje wie it doel,
itselde barren fan earjuster.
Hy kipe oer it linkerskouder,
‘Oeral thús’ koe der noch krekt foar lâns,
mar Eldert* tocht: dit is myn kâns,
wy binne yn de hân fan hâlder.
Yn ’t want kaam doe de reade lape
foar de skipper dy’t de wedstriid wûn,
syn bloed is nei de holle rûn,
der is dy jûns gjin drank mear tape.
* Eldert Meeter |